Fan
Chiem van Houwelinge
Fryske oersetting G Talsma

Yn “ Oud boartersguod ” draait it benammen om in âlde, oan de drank ferslaafde frou. Yn har gloarjejierren wie hja in ynternasjonaal ferneamde revue-skoarre dy’t optrede as Rosalie mei har swingende trombone. Om sûnensredenen moast se in streek ûnder har teäterwurk sette, in drama dat se nea ferwurkje kinnen hie. As it ferline har te machtich wurdt grypt se nei de flesse om dêrnei op de stoffige rommelsouder, middenmank âld boartersguod en skilderijen, de klok sa’n tritich jier werom te setten. Dan waant se har de diva fan eartiids dy’t foar in grut publyk optreedt.
Chiem van Houweninge is in suksesfol Nederlânsk senarioskriuwer, produsint, regisseur en akteur. Hy skreau ûnder oare senario’s fan Sis’ns AAA en Oppassen!!!
Kiki en Frank binne krekt troud en fine it húske fan harren dreamen: in âld atelier dêr’t Rosalie eigener fan is. Har eks-freon wie skilder, mar hat de skonken naam en no is de tiid dat de romte mar ris ferhierd wurde moat.
Kiki is fuort fereale op’e keamer, mar Frank twivelet. Seker as er de nije húsbaas en de ûnderbuorman better kennen begjint te learen. Hat Rosalie har relaasje wol genôch ferwurke, wat is der oan’e hân mei Janus, wat moatst mei al dy âlde rommel yn’e hûs? As der dan ek noch in frjemde frou op’e stoepe stiet en der tusken de rommel in tige weardefol skilderij opdûkt, wat bliuwt der dan oer fan alle moaie plannen?
Rolferdieling
Rosalie
Kiki Boreel
Frank Boreel
Janus Bronk/Carry van Tuyl
Regy
Ynstekster
Dûnsadvys
Techniek
Dekorûntwerp/ Grafyske foarmjouwing
Dekorbouw
Omballingen
mei tank oan Harmina Epema, Antje de Ruiter
Marijke Kingsbergen
Willeke Douwes
Jan van der Zwaag
Jessica Kingsbergen
Hans van Buuren
Jellie Boersma
Ciska Nijp
Lubbert Kingsbergen
Rutger van der Hout
HVBdesign
Jeroen van der Brink
Jan Faber
Rob Hendriks
Germ de Vries
Carina Schievink
Welmoed Terpstra