Naar de vaginamonologen van
Eve Ensler
vertaald naar het frysk door Agatha Hijlkema-Jorna

“Fagina’ fine se sa’n ferskrilike namme. Yn it bêste gefal heart dat as in ynfeksje of in medysk ynstrumint. En der binne safolle oare folle leukere wurden foar; lykas doaze, krater, jony, foech, stikelbaarch, pofferke, beurske, etui, sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneed en skuor.
Of fine jimme dy wurden wat seksistysk en grof? Dat binne se net hear..it is mar hoe ast se brûkst..as’t se mar mei leafde ùtsprekst.
Dêr prate jo dochs ek net oer, oer de fagina, of hoe as se dat dêr ek mar neamme. Stikem wolle froulju graach oer harren fagina fertelle..en.. Poeh wat falt der in soad te fertellen.
Yn it Frysk hâlde de Sterke Froulju de seal in spegel foar oer ”de Bermuda Trijehoeke”fan it frouljuslichem. Op ferskate wize liket it op ”Ontdek je Plekje”. Hoe giet de frou om mei har etui yn ús kultuur en yn’e frjemte. Fielt it altyd goed as der oer praat wurdt?
Alles yn “ myn kelder ” is in passearre stasjon.
Yn de kelder komme je noait no,
as dat sa wie dan sieten de ruten yn ‘e grûn…
Yn 1996 skreau Ensler De Vagina Monologen. Dit toanielstik waard de earste kear opfierd yn de kelder fan it Cornelia Street Café yn Greenwich Village (New York). Yntusken is it stik oerset yn 48 talen en is it yn mear as 140 lannen opfierd..

De skriuwster frege froulju om te praten oer harren fagina, nijsgjirrich nei wat froulju fan har fagina fine en foaral wat se der net fan fine. Sy prate mei âlde, jonge, troude, allinnichsteande, heteroseksuele, lesbyske, katolike, protestantske, joadske, moslim -, Bosnyske, Latynsk-Amerikaanske, blanke en swarte froulju. Sa ûntstiene ‘De vagina-monologen’. It binne ferhalen oer lust en leafde mar ek oer pine, ferkrêfting en geweld, en foaral: ferhalen dy’t noch nea ferteld wiene. ‘De fagina-monologen’ meitsje besprekber wat in soad froulju (en noch folle mear manlju) foar ûnbesprekber holden hiene.
Met:
Jeltje Joustra
Ineke Kalteren
Anja Epema
Wietske Kooistra
Trude Postmus
Regie
Techniek
Grafische vormgeving:
Productie
Hans van Buuren
Lubbert Kingsbergen
Rutger van der Hout
HVBdesign
Ineke Kalteren