van
George Batson.
Nederlandse vertaling: Shireen Strooker
Fryske oersetting: M.H.Gerbrandy

Beau Rivage, it “ hûs oan’e mar ”, ien fan’e grutste en lêste sûkerplantaazjes yn it hieltyd fierder yndustrialisearjend oaljegebiet fan Louisiana, wurdt befolke troch “ vogels van diverse pluimage ”. It wetlik behear fan it âlde famyljebesit, eins yn hannen fan de oan geheugenstoornissen lijende beppe Colby, wurdt sûnt de resinte ferdrinkingsdea fan Owen Colby, waarnommen troch de strange, waaksume Harriet. Sy bemuoderet har neef Gerald, in twillingbroer fan Owen. Dan komt Muoike Cora mei har âld fehikel efkes oer út’e stêd, omdat hja hearde dat Myra, de frou fan Owen, wer foar it earst nei it ûngelok weromkomme soe. Mar dan fine der in rige ” fertochte ûngelokken plak. En hieltyd wurdt der in lyts, sinister popke fûn, trochstutsen mei in nulle. De byleauwige arbeiders op’e plantaazje en Harriet, dy’t har byleauwe dielt, binne har libben net mear wis…
George Batson waard berne op 13 febrewaris 1914 yn Brooklyn, New York, VS. George wie in skriuwer, bekend fan Lights Out (1946), The Clock (1949) en Actor’s Studio (1948). Hy ferstoar op 25 july 1977 yn New York, VS. Hy skreau njoggen toanielstikken.
Shireen Stroker wurke jierrenlang foar de grutte Nederlânske toanielselskippen. Nei in inisjatyf fan Jan Joris Lamers rjochte sy yn 1970 tegearre mei ûnder oaren Helmert Woudenberg it teäterkollektyf ‘Het Werkteater’ op.
Spilers:
Anneke Hommersma-Buwalda
Theo Dirksen
Annie Gerlofs
Annie Hoogland
Hanneke Wolfhuizen,
Tryn de Boer
Regy:
Dekor:
Ljocht en lûd:
Ynstekster:
Hans van Buuren.
Otto Jasper
Henk en Freddie Kramer
Doeti van der Kooi.