Fan
Jabik Veenbaas
Bewurke troch Hans van Buuren

It stik giet oer de hurd wurkjende oannimmer Peter Fijnvandraadt, soan fan Hans en Judith Fijnvandraadt. Peter is troud mei Onderwizeres Tilly en togearre hawwe se in soan Alex, dy’t by syn heit yn ‘e saak wurket en ferkearing hat mei Jantine. Hans Fijnvandraadt wie eartiids de ‘reade’ skoal master fan it doarp en syn halden en dragen hat fansels ynfloed han op Peter, mar ek op syn mem Judith. Ek de relaasje mei syn frou stiet Onder dy ynfloed. Mar wat docht Peter dermei, bynammen as syn heit komt te ferstjerren en hoe giet syn frou dermei om. Mar ek de fraach, hokker utwurking hat de opfieding fan Hans oan Peter en dy fan Peter oan Alex han wurdt oan de oarder steld.
Yn 1990 debutearre Veenbaas mei de Frysktalige ferhalebondel Tusken himel en hel Yn 2000 folge de ferhalebondel De brulloft fan Valentijn en yn 2006 De wite ûle. De parse oer De brulloft fan Valentijn: ‘Jabik Veenbaas kin wrâlden oproppe, minsken libje litte en hy skriuwt in moaie taal. ’ . Hy skreau ek toanielwurk. Sa naam hy diel oan it troch yn totaal tsien skriuwers makke stik Hertejacht, dat yn 1997 spile waard troch it Fryske beropsselskip Tryater.
Spilers:
Melle van der Vegt
Fons Hoekstra
Wieke Veenstra
Eelco Castelein
Tineke Klaren
Jappie Broers
Sjoerdtje van der Sluis
Regy:
Lûd en ljocht:
Klaaiing:
Ynstekster:
Dekor:
Omballings:
Grime:
Hans van Buuren
Jaco Scheffer
Sietse Berkenpas
Jan Venema
Sijtske Hiemstra
Ankie Henstra
Nynke Pruis
Hans van Buuren
Anne Veenstra
Skelte Dijkman
Sjoerdtsje Dijkman
Sjoerdtje van der Sluis
Janny Wiersma
Joke Smedes