Fan
Michael Green
Oerset troch Fokke Broers

Goejûn, dames en hearen, hertlik wolkom yn de mienskipsromte fan ús gemeente. It is jûn in bysûndere jûn, in jûn fol muzyk en toaniel om jild byinoar te bringen foar it restauraasjefûns en yn it bysûnder foar nije ljochtliedingen yn ús konsistoarje en it modernisearjen fan ús stroomfoarsjenning. (mei in knal ûntploft ien fan de fuotljochten foar op it toaniel) Eh … dizze saak leit ús allegear nei oan it hert, sjoen it resinte ûngelok fan ús behearder, de hear Kroon, dy’t sa’t jo allegearre witte by wurksumheden oan de ljochtynstallaasje foar de produksje “ Judas ”, effektrisearre waard. It sil jo goed dwaan te witten dat er op in dei wierskynlik wer rinne kin. Sa’t jo sjen kinne oan de grutte barometer hjir foaroan, hat ús restauraasjefûns it prachtige bedrach fan trettjinhûndert euro berikt. (hy wiist nei in op bordkarton skildere barometer mei in beweechbere wizer, beseft dan ynienen dat it ding op nul stiet, giet derhinne en ferset de wize, as er der by wei rint sakket de wizer wer op nul) Wy hoopje mei jo meiwurking dit bedrach noch flink omheech te bringen. En no, sa’t se dat op Broadway sizze: let the show begjin! Tankje wol!
Leeuwarder Courant 16/11/1998
Nieuwsblad van het Noorden 16/11/1998
It foarwurd yn it nijste programmaboekje fan kritetoaniel ‘De Waldpiken’ fan Burgum stiet diskear just krekt achteryn . . Men koe saterdeitejun by de earste utflering fan’Krekt’ fan it Toanielselskip Burgum fan tinken wol hawwe dat alles op ‘e kop ferkeard komt. Jo moatte lykwols it ferkearde sjen as goed, want jo wurde by dit utpakkend toaniel sels ynpakt.
De Waldpiken weage him sneontejûn oan it ‘unbehouwen aktearjen’.
Want sa kin faaks it Ingelske begryp ‘coarse acting’ it beste oerset wurde. Dat is: in tekst net krekt op it juste momint utsprekke, net mear witte troch hokker doar jo it toaniel opkomme moatte, op in komyske wize ferfalle yn herhellings of hiel oerdreaun in beskaat type delsette.
Spilers:
Melle van der Vegt
Fons Hoekstra
Wieke Veenstra
Eelco Castelein
Tineke Klaren
Jappie Broers
Sjoerdtje van der Sluis
Toos Sinnema
Regy:
Lûd en ljocht:
Klaaiing:
Ynstekster:
Dekor:
Omballings:
Grime:
Hans van Buuren
Jaco Scheffer
Sietse Berkenpas
Jan Venema
Mar van Hofwegen
Sijtske Hiemstra
Ankie Henstra
Nynke Pruis
Hans van Buuren
Anne Veenstra
Skelte Dijkman
Sjoerdtsje Dijkman
Sjoerdtje van der Sluis
Janny Wiersma
Joke Smedes
